Kuorkeballers en keatsers bakke 3000 oaljekoeken
Om 6 oere geane d’r in hiel soart wekkers, dy fan de oaljekoeke bakkers. Om healwei sawnen binne de earsten yn de Wjukken, yn in mum fan tiid binne d’r al sa’n 15 bakkers dy’t ûnder lieding fan Baukje en Ilse opliedt wurde ta alround oaljekoeke bakker. Hja komme oeral wei, út Mantgum, Wiuwert, Britswert, Klaeiterp ensf. Om 9 oere komt d’r wer in nije groep jeugd, dit binne de besoargers. Hja hawwe it de moarns noch net sa drok want foardat hja de bestellingen rûn bringe kinne binne de oaljekoeken al wer ferkocht. Dit is de losse ferkeap. Handel is handel en de klant is kening, it doel is dizze dei, nêst it sosjale barren, it oanfoljen fan kuorbal- en keatskas. Tradysje is dat de mesyk fan omrop Fryslân komt, de fryske top 100 is de hiele dei oanwêzich. Om healwei tolven rydt Geart nei Grou om Chinees iten te heljen. Ek al in tradysje, mei syn allen Chinees ite, mear as tweintich man skowe oan. Yntusken wurdt d’r noch safolle ferkoft, dat d’r te min moal, oalje en sûker is. It moal moat út Ljouwert helle wurde, it oare spul is noch yn Mantgum te krijen. Om in oere as fjouwer is it klear en moat d’r noch skjin makke wurde Om healwei fiifen geane de measten wurch mar foldien nei hûs. Hulde oan dizze moaie ploech minsken, mei tank fan tige tefreden klanten en ponghâlders!
Geplaatst op 03 January 2013